Door Houkje Rijpstra op 12 augustus 2014

It jier fan de wierheid….

Nei in yntensive maitiid mei de gemeenteriedsferkiezings en dêrnei de kolleezjefoarming, hat de polityk de ôfrûne wiken efkes rêst nommen, lykas de rest fan it lân. Krêften sammelje foar in belangrike perioade dy’t foar ús leit. Ien fan de grutste stelselwizigings dy’t we ea hân ha yn Nederlân sil yngeande 1 jannewaris yn wurking komme: de trije desintralisaasjes. Soarch, jeugdsoarch en wurk wurde sawat hielendal fan it ryk oerdien nei de gemeenten. In geweldich grutte operaasje dêr’t hiel folle minsken mei te krijen ha en dêr’t ek hiel folle jild by spilet. Dat lêste is in ekstra soarch: it ryk jout it jild mei in stevige koarting troch oan de gemeenten. It wurk op deselde wize útfiere as oant no ta dien is, is dus gjin opsje. Dan sil de ien nei de oare gemeente it fallissemint oanfreegje moatte óf de gemeentlike lesten enoarm ferheegje moatte.

In belangrike perioade dus, net allinnich fanwege de beslissings dy’t foar nijjier nommen wurde moatte, mar seker ek dêrnei. Sjoen de omfang fan de operaasje sil yn alle gefallen it jier 2015 in oergongsjier wurde. Der moatte al dingen oanpast wurde, mar der sil ek romte nommen wurde (moatte) om feroarings op in goeie wize ta te rieden, mei de belutsenen te oerlizzen en foaral: foar te kommen dat minsken tusken de wâl en it skip reitsje.

Fansels binne we al in hiel skoft drok dwaande mei de tariedings yn gemeentelân. Yn Fryslân binne we ek meiïnoar al langere tiid yn petear om saken dy’t we mei alle (no noch) 24 gemeenten regelje moatte, goed yn kalk en semint te krijen. We meitsje gebrûk fan inoars kennis en kunde en dat rint gelokkich hiel goed. Fansels: we binne der noch lang net en ik doar ek net te fersekerjen dat alles yn ien kear goed rinne sil, mar der wurdt omraak wurke om alles sa goed mooglik, mei in iepen each foar de minsken dy’t it oangiet, te regeljen.

Hâld de kommende tiid de media goed yn ‘e gaten: de kommunikaasje oer wat der (foar jo) feroaret, sil no pas goed loskomme. Dat is let, mar dat komt ek trochdat de lanlike polityk krekt foar de simmerfakânsje pas de lêste besluten nommen hat. In grutte útdaging foar ús allegear, net allinnich de polityk dus, om meiïnoar te sjen hoe’t we saken goed en tichtby regelje kinne.

 

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra