Voorzitter

Douwe Hoogland

Douwe Hoogland

Over Douwe Hoogland

06-20533178[email protected]
Efkes foarstelle;
Myn namme is Douwe Hoogland, wenje yn Aldtsjerk mei myn frou, wy hawwe tegearre 3 bern en 9 pake en beppesizzers.
Bin sels berne yn Bartlehiem yn in boerehúshâlding, grutbrocht mei trije brouren. Boer wurde wy myn doel, dat bin ik dan ek 40 jier west, it langst yn Bartlehiem en letter in eintsje opskowd nei Wyns. Moaie mienskip!
Neist it bourkjen wie ik ek betsjoerlik aktief. Toniel, yn tsjerke sawat alle funksjes dielt mei myn frou. LTO, Wetterskip en yn it agrarysk natuerbehear. Foarsitter west fan de ferieniging Noardlike Fryske Wâlden. Dertroch learde ik Anita Andriessen kinnen. Der hie ik in goede bân mei. Dat is ik de reden dat Hans Konst en Bertus Mulder my frege hawwe om plak te nimmen yn de Steaten fan Fryslân. Hjir bin ik 12 jier aktief yn west, 8 jier as Steatenlid en de lêste 4 jier as Deputearre.
Bin derom no ek bestjoerlid fan de Anita Andriessen stifting, dy fersjoarchje de jierlikse AA lêzing.
De PvdA hat in protte foar my bestjutten en derom wol ik wer wat  werom dwaan om jim foarsitter te wêzen. Dit wol ik dwaan mei it prima bestjoer wat der no sit.
Wer kin ik mei mei fernúverje : Mei de camper op stap. rinne yn de natuer en moutainbiken .
Ik hoopje jim te moetsjen!