Door Houkje Rijpstra op 16 februari 2014

Deiboek fan in listlûker diel 5: Rezjy hâlde oer eigen libben

15 febrewaris 2014

It wie hjoed in bysûndere dei foar de PvdA Tytsjerksteradiel. Mar leafst 7 jubilarissen hiene we yn de ôfdieling en dat woene we witte ek. Se wiene allegearre útnoege yn Oentsjerk, om yn Skewiel mei in bakje kofje, gebak en in noflik petear by dizze dei stil te stean. Spitigernôch koene frou Visser (Hurdegaryp), frou Den Broek (Noardburgum) en de hear Wesman (Tytsjerk) net oanwêzich wêze: sy ha alle trije 25 jier lid west. Ek frou Bosma (Hurdegaryp) dy’t mar leafst in heal ieu de PvdA trou is, koe der net by wêze. Fansels krije dizze minsken har fertsjinne wurdearring noch.

Frou Algra (65 jier lid)In hiele bysûndere gast wie de 99-jierrige frou Algra-Brouwer fan Gytsjerk. Al 65-jier trou en noch hieltyd striidber en oertsjûge lid fan har partij. Moaie ferhalen hie se oer hoe’t de saken yn de begjinjierren fan de partij gongen. En fansels wie se tige ynnommen mei de gouden earepenning fan de PvdA, dêr’t in moai portret fan Willem Drees op stiet. Frou Kuypers-Boonstra en frou Dijk-Faber, beide ek fan Gytsjerk, krigen de gouden spjelde foar 50 jier lidmaatskip. Beide joegen oan it wolris ûniens te wêzen mei de partij, mar dat opsizze foar har gjin opsje is: oant it lêst bliuwe wy lid. Dizze minsken binne it goud fan ús partij, sy ha de Partij van de Arbeid grut makke en der mei foar soarge dat alle stoarmen oerlibbe binne en noch wurde sille.

Wat de jubilarissen, mar ek de oare belangstellenden benammen dwaande hâlde, wiene de keuzes dy’t der polityk makke wurde moatte yn de soarch. En dan benammen de rol fan de soarchfreger dêryn. De PvdA fynt it belangryk dat soarch sa ticht as mooglik by minsken organisearre wurdt, sadat minsken ek safolle mooglik de rezjy oer har eigen probleem en eigen oplossings hâlde kinne.

“We binne dan miskien wol âld en somtiden siik en krebintich, mar we wolle wol graach heard wurde en mei respekt behannele wurde”, dat wie eins de teneur fan it ferhaal. Fansels kin net in winskelistje ynlevere wurde by de gemeente, mar moat goed sjoen wurde wat der no echt nedich is om wat minsken sels net mear kinne te kompensearen. Mar it alderbelangrykste is dat lústere wurdt nei wat minsken sels kinne, wat se graach wolle en wêr’t wat foar regele wurde moat. Dat wie al it útgongspunt foar de PvdA Tytsjerksteradiel en is allinnich noch mar fersterke nei de prachtige kofjemoarn dy’t we mei ús leden hân hawwe.

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra