Deiboek fan in listlûker diel 8: Foar ús (berns)bern
Dit wykein hie myn dochter har 21e jierdei; prachtich fansels en we ha der mei de hiele famylje graach by stilstien. Elkenien gunt syn bern it bêste, dêr bin ik gjin útsûndering op. Sadwaande ek myn oertsjûging dat duorsumens, ofwol folhâldberens, in ûnmisber ûnderdiel útmeitsje moat fan it gemeentlik belied, in spearpunt sels.
Ja, ik wit it, de term duorsumens is in kontenerbegryp wurden, dêr’t elkenien wol wat fan syn of har gading yn fine kin. Mar as jo it útlizze as folhâldberens, wurdt al dúdliker wat de PvdA dêrûnder ferstiet: de mienskip sa organisearje dat we dizze styl fan libjen folhâlde kinne en dat soks ek jildt foar ús bern en bernsbern.
It maklikste is om gewoan op deselde wize fierder te gean as ús âlden, dy’t trouwens net better wisten as dat soks maklik koe. Dat betsjut dat wy ús libben noch wol liede kinne sa’t wy dat wolle, mar dat jildt net mear foar de folgjende generaasjes. De fossile brânstoffen reitsje yn hiel hurd tempo op, wylst der te min sjoen wurdt nei wat dêrnei komt.
Gemeentlik ha je dêr mar beheind ynfloed op, mar wy fine dat we dwaan moatte wat we kinne. Yn Tytsjerksteradiel ha we sjen litten dat dat kin: koartlyn binne we wer as 4e gemeente fan Nederlân einige yn de Lokale Duurzaamheidsmeter. En dêrby as 1e op it ûnderdiel People, dêr’t benammen mei oanjûn wurdt hoe’t in gemeente dwaande is mei it bewustwurden fan har eigen gemeentlike organisaasje, mar foaral ek de eigen ynwenners. Wy jouwe as Tytsjerksteradiel it foarbyld troch sawat al ús auto’s op (bio-)gas ride te litten, we ha 2 elektryske tsjinstauto’s, we spiele de húskes yn it gemeentehûs troch mei reinwetter en lizze ús gemeentlike gebouwen fol mei sinnepanielen. En dat binne noch mar in pear foarbylden, want ús Energie(k) Loket dêr’t ús ynwenners alle ynformaasje krije kinne hoe’t se harren eigen hûs enerzjysuniger meitsje kinne, is in grut sukses en wurdt troch hieltyd mear gemeenten oernommen. Us Fairtrade-merk Oars! wurdt op 19 april foar de 5e kear hâlden en slacht sa geweldich oan dat ûndernimmers it no fan de gemeente oernimme.
Mar we binne der noch net, der moatte hieltyd stappen setten wurde, kânsen grepen en op kreative wize saken oan inoar ferbûn wurde, oars reitsje we wer op achterstân. En dat kinne we ús net permitteare, fynt de PvdA. Sadwaande: duorsumens/folhâlderberens bliuwt in spearpunt, ek foar de kommende riedsperioade!