Door Houkje Rijpstra op 2 februari 2014

Deiboek fan in listlûker 3: Takomst foar doarpsskoalle

2 febrewaris 2014
Belangryk nijs dizze wike: it liket derop dat de saneamde lytse skoalletaslach bliuwt. Steatssiktaris Sander Dekker wie fan plan dizze taslach om te setten yn in preemje op gearwurking tusken skoallen en in soarte fan taslach foar tinbefolke gebieten. Dúdlik wie dat in hiele protte skoallen yn Fryslân de holle net boppe wetter hâlde kinne sûnder sa’n taslach, mar is de driging fuort no’t it ekstra jild bliuwt? Ik bin fan betinken dat de needsaak om yn aksje te kommen noch like grut is. We krije – ek yn Tytsjerksteradiel – de kommende jierren te meitsjen mei in sterke ûntgriening, der komme folle minder bern. Dat betsjut dat we foarút tinke moatte en no stappen sette om skoallen klear foar de takomst te meitsjen. We ha yn ús gemeente 26 skoallen, 12 iepenbier (ynklusyf AZC-skoalle), 13 bysûnder én de gearwurkingskoalle Master Franke yn Earnewâld. As der neat bart, is no al te sjen wêr’t de skoallen ‘omfalle’ sille.
thrimwalda
Fansels: de gemeente hat formeel gjin foech om yn te gripen om’t alle trije saneamde ‘denominaasjes’ har eigen bestjoerlike organisaasje ha, mar in gemeente hat wol in taak om foldwaande iepenbier ûnderwiis te garandearjen. Bestjoeren, âlders en doarpen/doarpsbelangen soene wat de PvdA Tytsjerksteradiel oangiet fierder sjen moatte as it belang fan de eigen rjochting. It belang fan it bern om – as it heal kin yn eigen doarp – nei in basisskoalle te kinnen dêr’t it him of har thúsfielt, in echte doarpsskoalle, moat foarop stean.
Dêrom wolle wy dat de gemeente har ta it uterste ynspant om mei skoalbestjoeren, âlders en doarpen te soargjen foar sterke doarpsskoallen, dêr’t elkenien wolkom is en him/har ek wolkom fielt. Yn Earnewâld ha we ommers ít foarbyld dat soks hiel goed mooglik is as it gruttere belang om in skoalle yn in doarp oerein te hâlden foarop stiet. Litte we de tiid dy’t we krije trochdat de lytse skoalletaslach bliuwt, goed brûke!

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra