Besikerssintrum Earnewâld
De fraksje fan de PvdA hat besletten it jild wol te jaan. De folgjende oerwagings leine dêroan ta grûnslach:
De fraksje is bliid dat it yn Earnewâld komt. Spitich dat hjirfoar de fasiliteiten fan it park ferdwine, mar oan de oare kant moatte wy ek realistysk wêze en ta jaan dat benammen it swimbad wol in hiele djoere foarsjenning wie. Dan is it wer moai dat it besikerssintrum en it lânboumuseum der in plak yn fynt.
Wy fine it posityf dat it Fryske Gea der sels ek nochal wat jild ynstekt. By neifraach blykt dat it bedrach fan de fûnswerving ek al hast binnen is. Smellingerlân hat al posityf besluten, wy geane derfan út dat Boarnsterhim dat yn maaie ek docht.
It is in hiel posityf stik, dat sprekt ús ornaris wol oan, mar yn dit soarte fan saken moat men ek kritysk wêze. Der wurde gjin neidielen neamt en der sit ek gjin risikoparagraaf by.
By it ynsprekken fan it Fryske Gea yn ús fraksje binne wol finansjele stikken oerlein, mar guon bedragen koene net goed taljochte wurde.
Ús fraksje kin it dôchs net litte om oan te jaan dat der goed op de eksploitaasje let wurde moat. Wy binne der net foar om eksploitaasjesubsydzjes te jaan. Wichtich fine wy it ek om oan te jaan dat der in goeie gearwurking mei de bedriuwen yn it doarp wêze moat. Men kin mekoar fersterke, wy hoopje dat sawol it Fryske Gea as de bedriuwen dat ynsjogge.
De fraach is of de ried foar ien kear in ynfestearringbydrage dwaan wol fan € 482.500,00.
De fraksje fan de PvdA fynt dat de bydrage gjin weismiten jild is om ’t:
- it besteande gebou in nije bestimming kriget;
- de hoareka-funksje bestean bliuwt wêrtroch arbeidsplakken behâlden bliuwe en sels noch útwreide wurde;
- der in gearwurking is tusken mear partijen (Fryske Gea, Lânboumuseum, mar ek Bond van Friese Vogelwachten, it Griene Nest, Van Hall Instituut en sa binne der noch wol in pear partijen om mei gear te wurken. Sjoch nei bedriuwen yn Earnewâld, mar ek nei partijen yn de omkriten. It is in goeie saak om dat fjirder út te wreidzjen. Wy hawwe begrepen dat der al in ôfspraak leit foar in oerlis tusken it Fryske Gea en de Earnewâldster bedriuwen.
- it besikerssintrum is frij tagonklik foar it publyk – der wurdt gjin yntreejilden frege.
Koartom, de fraksje fan de PvdA stiet posityf tsjinoer it besikerssintrum en is ree de bydrage te jaan. Wol mei de opmerking dat de eksploitaasje goed yn de gaten hâlden wurde moat.
Didi Boskma