Spearpunten

Partisipaasje

  • De PvdA fynt it belangryk dat elkenien meidwaan kin yn de mienskip;
  • De PvdA wol dat eltsenien der ta docht yn de mienskip en foldwaande sosjale kontakten hat;
  • De PvdA wol mear jild ynsette of brûke om minsken meidwaan te litten;
  • De PvdA wol de Doarpe- en Jongereinteams ek ynsette foar partisipaasje, wurk en ynkommen en by it foarkommen fan jildproblemen;
  • De PvdA wol ynsette op it fierder foarkommen fan skulden troch gearwurking mei maatskiplike partners;
  • De PvdA wol minsken dy’t dreech lêze en skriuwe kinne, help biede.

 

Sirkulêre ekonomy

  • De PvdA wol ta op in folslein sirkulêre bedriuwsfiering by de gemeente Tytsjerksteradiel uterlik yn it jier 2030;
  • De PvdA wol dat de gemeente Tytsjerksteradiel in plan makket foar it ferduorsumjen fan de wentebou;
  • De PvdA wol dat de gemeente Tytsjerksteradiel op koarte termyn begjint mei sirkulêr ynkeapjen.

 

Underwiis

  • De PvdA wol goed ûnderwiis yn goeie skoallen yn de doarpen;
  • De PvdA wol dat op fusearre basisskoallen alle learlingen wolkom binne en dat likegoed persoaniel mei in iepenbiere as in kristlike eftergrûn oan it wurk kin;
  • De PvdA is yn gefal fan nije fúzje foarstanner fan it tapassen fan de nije Wet op de Gearwurkingsskoallen, wêrby’t it iepenbiere karakter en de bysûndere identiteit fan de gearwurkingsskoalle boarge wurdt troch in identiteitskommisje op it nivo fan de skoalle;
  • De PvdA wol dat (ûnderwiis)gebouwen safolle mooglik kombinearre wurde mei maatskiplike funksjes.

 

Sport en beweegjen

  • De PvdA wol sporte en bewege foar elkenien yn ús doarpen stimulearjen bliuwe. Sport is goed foar de lea en foar sosjale kontakten;
  • De PvdA wol alternative oplossings sykje foar rubbergranulaat yn keunstgersfjilden;
  • De PvdA wol lokale sportklups stimulearje ta ûnderlinge gearwurking.

 

Duorsum

  • De PvdA wol ta op 100% duorsume enerzjy yn de gemeente Tytsjerksteradiel uterlik yn it jier 2030;
  • De PvdA wol in enerzjyplan Tytsjerksteradiel yn ‘e mande mei ús ynwenners meitsje;
  • De PvdA wol ek foar keapwenten in yngreven ferduorsumingsslach realisearje. We wolle oanslute by de Fryske Enerzjystrategy;
  • De PvdA wol fossylfrij (skoal/taksy/sport)ferfier yn de gemeente Tytsjerksteradiel;
  • De PvdA wol snellaadpunten yn de gemeente Tytsjerksteradiel;
  • De PvdA wol gjin nije gasboarrings mear.

 

Romtlik en bouwe

  • De PvdA wol de boarger maksimale ynbring jaan yn de te ûntwikkeljen omjouwingsfyzje;
  • De PvdA wol nei ferlet bouwe, rekken hâldend mei de befolkingsûntjouwing;
  • De PvdA kiest foar bouwen yn de kearndoarpen: Burgum, Hurdegaryp en de Trynwâlden;
  • De PvdA wol ferbouwen en isolearjen fan besteande gebouwen fierder stimulearje (staasjejildwenjen);
  • De PvdA wol spesifyk bouwe foar allinnichsteanden;
  • De PvdA wol yn Burgum it gebiet ‘De Warren’ ûntwikkelje foar nijbou.

 

Wurk en ynkommen

  • De PvdA wol dat der oer de hiele gemeente alle jierren op syn minst 50 wurkûnderfiningsplakken beskikber binne;
  • De PvdA wol dat de gemeente Tytsjerksteradiel in fysyk en digitaal ûndernimmerskafee krijt foar in bettere ôfstimming fan fraach en oanbod;
  • De PvdA wol dat der om it jier in wurkgelegenheidsmerk organisearre wurdt troch de gemeente;
  • De PvdA wol op syn minst 5 arbeidsplakken by bedriuwen yn Tytsjerksteradiel hawwe foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk (Kwotumwet);
  • De PvdA wol bettere ynformaasje oer ûnderwiis/trening yn ús gemeente.

 

 

 

Heard wurde en fertrouwen

  • De PvdA wol witte wat der libbet ûnder it folk, troch yn alle doarpen yn petear te gean mei har ynwenners;
  • De PvdA wol in better kontakt tusken oerheid en boarger, ûnder oare troch it ynsetten fan de ‘Reade Telefoan’ foar minsken dy’t har net heard fiele;
  • De PvdA wol eksperimentearje mei nije demokratyske ynstruminten: nûgje bygelyks boargers troch lotting út om yn in Boargerpanel mei te praten;
  • De PvdA stiet foar dwaan watst seist en sizze wat je dogge;
  • De PvdA wol dat yn dizze netwurkmienskip bestjoerders benammen ferbiners binne.

 

Kultuer en rekreaasje

  • De PvdA wol kultuer iepenbier, tagonklik en leechdrompelich hâlde. (Fer)nije(nde) inisjativen wurde rejaal stipe;
  • De PvdA wol middels kultuer boargers byinoar bringe.

 

Fangnet en leefberens

  • De PvdA wol it hjoeddeiske romhertige sosjale belied fan Tytsjerksteradiel behâlde;
  • De PvdA wol minsken skewiele om bliuwend út ‘e ‘shit’ te kommen;
  • De PvdA konstatearret dat de Voedselbank spitigernôch in needsaaklik fangnet is dat ús stipe fertsjinnet. Dat jildt ek foar de Klean- en Boartersguodbank.
  • De PvdA wol boargerinisjativen skewiele op it gebiet fan leefbere doarpen, hjirfoar romte yn de begruttings foar de riedsperioade 18-22 opnimme;
  • De PvdA wol bliuwend útdaagje en subsidiearje as stipe foar boargerinisjativen.

 

Natuer, lânskip, plattelân

  • De PvdA wol foar boeren in stik bûter yn de brij, mar ek graach blommige greiden, krûden, ynsekten en fûgels yn it lân;
  • De PvdA wol yn elk doarp in bijegreide mei ûnder oare in ynsektehotel;
  • De PvdA wol duorsume ûntjouwings yn natuer en lânskip fan Tytsjerksteradiel;
  • De PvdA wol yn ‘e mande mei de Noardlik Fryske Wâlden en LTO goed op de natuer- en lânskipswearden passe, behâlde en sa mooglik ûntwikkelje.

 

Ferskaat

  • De PvdA wol nije ûntjouwings op it mêd fan digitalisearring sa breed mooglik ynsette mei omtinken foar minsken dy’t bygelyks troch leeftiid of sinteraasje net meikomme kinne;
  • De PvdA draacht it Frysk in waarm hert ta en stipet it nije beliedsplan folslein;
  • De PvdA wol gearwurking mei oare gemeenten: de Wurkmaatskippij 8KTD soe ek foar oare gemeenten arbeidzje kinne;
  • De gearwurking mei Achtkarspelen wurdt trochsetten en optimalisearre. Njonken dizze gearwurking is ek dy mei Smellingerlân om ús besprekber;
  • De PvdA sil har ynsetten bliuwe om lanlik de problematyk fan feilige lannen yn it ramt fan it flechtlingebelied op it aljemint te krijen.