Door Houkje Rijpstra op 19 oktober 2013

Mei Jetta Klijnsma yn aksje tsjin earmoede

No’t we as PvdA yn it regear sitte, moatte wy ús fansels hieltyd ôffreegje wêr’t wy it ferskil meitsje (kinne). Wat hie fêst oars west as ús minsken net yn it kabinet sieten? Ien fan de saken dêr’t we sûnder twifel it ferskil meitsje is it earmoedebelied. Dat ‘helpen’ moat net lêzen wurde as ‘pamperje’ of ‘fersoargje’, dêr is Klijnsma ek dúdlik yn. We meie fan de minsken sels ek in ynspanning freegje om de rezjy oer it eigen libben (wer) yn hannen te nimmen. Dus alles dwaan om wurk te finen, de bêste wize om net allinnich yn it eigen libbensûnderhâld te foarsjen, mar ek om minsken te moetsjen, diel út te meitsjen fan in netwurk of “vakantie te kunnen vieren”, sa’t Klijnsma freed 18 septimber yn Ljouwert sei. Se wie dêr op har toer troch it lân om projekten te besjen dy’t in bydrage leverje wolle oan it wer selsredsum meitsje fan minsken. Yn Ljouwert hearde se ek fan minsken yn ‘e útkearing dat se benammen ferlet hiene fan in lyts setsje yn ‘e rêch, net fan alles út hannen nimme.

Houkje en Jetta. Houkje fertelt oer de wize wêrop yn Tytsjerksteradiel de skuldhelpferliening oan pakt wurdt.

Jetta Klijnsma hat derfoar soarge, dwerstroch alle besunigings fanwege de krisis hinne, dat der dit jier 20 miljoen beskikber is foar gemeenten om wat te dwaan oan earmoede en skuldhelpferliening. Foar ús gemeente is dat sa’n 30.000 euro en we wolle dat brûke foar inisjativen yn de doarpsmienskippen op dit terrein – der leit bygelyks in projekt om in kleanbank op te setten – en om in prachtige organisaasje as de Stichting Leergeld de kâns te jaan om swimlessen foar bern fan minima mooglik te meitsjen. Dêr wurdt wurke mei frijwilligers, sadat de gemeente, dy’t dochs wolris sjoen wurdt as ‘tsjinstanner’, der net by behelle wurdt. Wol om foar te kommen dat allerhande gegevens nochris trochjûn of ynfold wurde moatte, de burokratyske rimram moat safolle mooglik beheind wurde.

Foar 2014 komt der 4 kear safolle jild en foar de jierren dêrnei leafst 5 kear safolle! Wy wolle no sjen oft we ús belied sa meitsje kinne dat it oanslút op de saneamde sosjale aginda, wêrby’t earst besjoen wurdt wat minsken sels kinne en wêr’t de gemeente eventueel byspringe moat. Folle mear maatwurk leverje ynstee fan elkenien itselde. De neidruk komt de kommende jierren noch mear op bern, want dy moatte net de dupe wurde fan de sitewaasje dêr’t har âlden yn sitte. Sjen wat bern nedich ha om mei te dwaan, in rjochting dêr’t de steatssiktaris mei ynmoed foar pleite.

Ik mocht Klijnsma fertelle oer de wize wêrop wy yn Tytsjerksteradiel ús skuldhelpferliening oanpakke. Mei in protte omtinken foar previnsje, bygelyks op skoallen, en neisoarch, om’t aardich wat minsken dochs wer yn skulden weromfalle. Ek hjir giet it om meiinoar oparbeidzjen, we nimme de problemen net oer, mar helpe dêr’t dat nedich is. De gemeente soarget foar dát setsje dat minsken efkes nedich ha en foar it oare moatte we in fangnet foarmje foar dyjingen dy’t it efkes hielendal net mear sels kinne. Mar wol mei it doel om úteinlik foarút te buorkjen.

Minsken as Jetta Klijnsma, in sosjaal-demokrate yn ieren en sinen, litte hiel helder sjen dat de PvdA yn dit kabinet echt it ferskil makket. En dêr hawwe we ferlet fan.

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra