De opskuor om it Regearakkoart
Tsjongejonge, wat ha we in nijsgjirrige wike achter de rêch. Earst it berjocht dat VVD en PvdA derút wiene, nei in tige koarte perioade ûnderhanneljen, sûnder al tefolle ‘lekkerij’: in regearakkoart. De reaksjes wiene oer it generaal posityf: flot, gjin slappe kompromissen, stevige oanpak yn de krisis ensaf.Dat sloech yn ‘e rin fan de wike goed om. Benammen de achterban fan de VVD skrok him wyld. Net allinnich hie Rutte de sa’n bytsje heilich ferklearre hypteekrinteôftrek loslitten, benammen de ynkommensôfhinklike soarchpreemje jage de Telegraaf en konsorten goed yn ‘e gerdinen. Getallen en gefolgen fleagen yn it rûn, argewaasje, sûkeladeletter-krantekoppen en in hieltyd senuweftiger partijlieding.
Yn it foar wie elk benaud foar it PvdA-kongres, dat lykas wy wend binne ynstimme moast mei it resultaat. De echte problemen kamen lykwols fan de achterban fan de VVD, dy’t gjin formeel ynstimmingsrjocht hat. De leden fan dy partij krigen yn sân hasten ynformaasjegearkomsten, mar de Twadde Keamerfraksje stimt yn mei it pakket.
Ja, wat bliuwt der oer foar de PvdA? Fansels sitte der ek behoarlike bonkjes foar ús yn it akkoart. De lichtere ûntslachbeskerming, koartere ww, minder jild nei ûntwikkelingsgearwurking, mar ek sil (in diel fan) ús achterban te meitsjen krije mei in stevich berop op de solidariteit wat de soarchkosten oanbelangje.
Opfallend bliuwt wol dat der net folle te rêden wie de ôfrûne jierren doe’t minima en oaren mei in smelle beurs it swier foar de kiezzen krigen, mar dat alles no yn stelling brocht wurdt as de hegere ynkommens de krisis fiele sille. Ik priizgje my lokkich dat yn ús partij solidariteit noch gjin lege huls of âlderwetsk begryp is. En dy mooglik ûnevenredige ferdieling fan de lesten? Ach, de krekte sifers binne noch net iens dúdlik. It prinsipe fan de sterkste skouders, de swierste lesten wurdt yn ‘e praktyk brocht. En miskien wie it net handich fan ús foarsitter om ‘nivelleren een feestje’ te neamen, ik hoopje echt dat we dat de kommende jierren dwaan kinne yn in stabyl kabinet.