De enerzjy fan de mienskip
Op Burendag (22 septimber) stie yn Oentsjerk de skynwerper op it projekt Groenkerk/Grientsjerk. In stel entûsjaste ynwenners is dêr dwaande om it doarp mei te krijen yn allerhande maatregels op it mêd fan duorsumens. Te begjinnen mei in projekt om meiïnoar sinnepanelen oan te skaffen: “Sinne fan Tryntsje”.Binnen it stribjen fan ús gemeente om stappen te setten op duorsumens, ofwol mei in bettere term ‘folhâldberens’, fyn ik dit yn fan de moaiste foarbylden. It komt net fan de gemeente, mar fan de minsken sels, de gemeente spilet allinnich in rol om saken mooglik te meitsjen. Sa is der in bydrage kaam om in saneamde nulmjitting útfiere te litten, om aanst ek sjen te litten wêr’t stappen setten binne om bygelyks de CO2-útstjit fan Oentsjerk lytser te meitsjen.
It wurket better om fan jo buorman te hearren dat sa’n sinneboiler goed wurket, of fan buorfrou hoefolle der wol net besparre wurdt op de enerzjyrekken mei de nije sinnepanielen. Ik soe it prachtich fine as it Groenkerk/Grientsjerk-idee mear neifolging krijt en de earste sinjalen binne der al yn de oare Trynwâlden.
Dêr dogge je it foar as bestjoerder: minsken entûsjast meitsje sadat se it sels oppakke, dan stypje en sjen dat it fierder komt. Dat levert net allinnich in protte miljeuwinst op, mar ek wurdt de mienskip ûnderling hechter. Der sit in protte enerzjy yn ús doarpen, dat sjogge we alle dagen wer. Dêr leit de krêft om echt wat te feroarjen: It kin oars, it moat oars!