By it ôfskie als wethâlder …
Nei mear as 11 jier wethâlderskip ha ik de gemeenteried op 13 july witte litten dat ik it amt yngeande 1 septimber fan dit jier del lis. En ja, dat is foar it ferstriken fan de termyn fan 4 jier wêrfoar’t ik yn 2014 (op ‘e nij) beneamd bin.
Doe’t ik yn april 2006 oerstapte fan de sjoernalistyk by Omrop Fryslân nei it iepenbier bestjoer, hie ik my foarnommen dat twa perioades as wethâlder, as dat my gund wurde soe troch de kiezer, genôch wêze soe. Yn myn sjoernalistike wurk hie ik faak genôch bestjoerders sjoen dy’t sa fêstruske wiene, dat my dat foar in gemeente dan wol provinsje net goed like. En al hielendal net foar de persoan sels. Hoewol’t de oergong fan de media nei de polityk spannend wie, ha ik der gjin dei spyt fan hân. Nei de moaie tiid by de Omrop paste it wethâlderskip my ek as in âld jas.
En doe’t ik yn ‘e rin nei de ferkiezings fan 2014 neitinke moast oft ik fêsthâlde soe oan myn foarnimmen om it wurk 8 jier te dwaan, seach ik safolle útdagings dat ik besletten ha om der ek foar in tredde perioade foar te gean. Benammen alle nije taken foar de gemeente op sosjaal gebiet (soarch, jeugd en partisipaasje: de saneamde desintralisaasjes) woe ik hiel graach mei stâl jaan yn Tytsjerksteradiel. Ek fan dat beslút ha ik gjin dei spyt hân, want wat ha we wat foar de kiezzen krigen de ôfrûne jierren. Lokkigernôch kinne we fêststelle dat it yn ús gemeente behoarlik goed gongen is, as jo sjogge nei de tefredenheid ûnder de brûkers.
Mar al by de start fan dy tredde perioade wie foar my dúdlik dat dat dan ek echt de lêste wêze soe. No hie ik altyd tocht dat ik dan werom gean soe nei de sjoernalistyk, mar dy is yn dy dik 10 jier sa feroare, sis mar útklaaid, dat dat gjin echte opsje mear wie. En dêrom ha ik it lêste jier fan dizze perioade ek brûkt om nei te tinken wat ik no graach wolle soe as folgjende stap en wat/wa’t ik dêr foar nedich ha soe.
Foarôf wie my dúdlik dat ik wat dwaan wol mei maatskiplik belang, bygelyks foar minsken yn ‘e knel, it Frysk of duorsumens. En lit no al frij gau de Vereniging Circulair Friesland op myn paad komme. Ik hie as wethâlder duorsumens fan in gemeente dy’t op dat terrein beslist koprinner is yn Fryslân, miskien wol Nederlân, by de start fan dizze feriening west. Bedoeld om de sirkulêre ekonomy – we ha gjin ôffal mear, alles is grûnstof foar wat nijs – yn Fryslân in platfoarm te jaan om op dy wize de beweging nei it folle mear wer brûken op gong te bringen en fierder te krijen. Dy feriening, mei no sa’n 40 leden, benammen bedriuwen, hat ferlet fan in steviger basis, in profesjonelere ynrjochting. En dat sjocht it bestjoer my wol dwaan.
Hiel earfol fansels, mar it past ek hiel goed by myn driuwfearen. Ik sjoch de omslach nei in skjinner miljeu, in duorsumer libben en in sirkulêre ekonomy as ien fan de grutste útdagingen fan ús tiid. Us generaasje en dy foar ús hat 2/3 fan alle grûnstoffen yn ‘e wrâld op makke. We binne it oan de folgjende generaasjes ferplichte om hurd te wurkjen oan in omslach yn tinken sadat ek ús bern en bernsbern goed libje en wurkje kinne.
Dêrmei hie ik de nije útdaging yn in rjochting dêr’t ik waarm fan wurd. Mar ik koe en woe net earder fuort dan dat ik trije belangrike spearpunten fan myn wethâlderskip troch de ried ha soe: it nije belied op it mêd fan earmoede-oanpak, it fernijde duorsumensbelied en it nije belied Frysk. Dat is dit lêste healjier slagge en dêrmei sjoch ik myn wethâlderskip as fierhinne klear. Fierhinne, want it hie my hiel wat wurdich west as we ek de takomst fan sosjale wurkfoarsjenningskip Caparis dúdlik hân hiene. It iennige ûnderwerp yn al dy jierren dêr’t ik fan wekker lein ha. Dat jou ik dan mar oer yn fertroude hannen by myn beëage opfolger, Ellen Bruins Slot.
Mei in hiel goed gefoel sjoch ik werom op mear as 11 jier wethâlderskip yn de moaiste gemeente dy’t je mar betinke kinne. Mei romte foar wat nijs, foar kreative oplossingen, mar wol fanút in solide basis fan fertrouwen. Ik ha it mei in protte nocht en wille dien, ha it altyd as in foarrjocht sjoen dat ik dit wurk, mei stipe fan in hiele protte minsken om my hinne, dwaan mocht. Mar ik stap no ek tige motivearre oer nei in nije útdaging, dêr’t ik sûnder mis ek wer in soad enerzjy yn kwyt kin. En ik winskje Ellen, mar fansels ek de (stipe)fraksje en bestjoer, alle goeds foar in sosjale takomst!