Door Houkje Rijpstra op 2 november 2014

Bern moatte meidwaan!

Ferline jier ferskynde it rapport ‘Kinderen in armoede’. Dêr die út bliken dat hieltyd mear bern te lijen ha fan de sitewaasje dêr’t har âlders yn telâne kaam binne. De gefolgen hjirfan fan kinne bern in libben lang mei har meidrage. It docht my sear om te lêzen hoe’t bern yn dizze sitewaasjes rekke wurde.

Besunigings
Gemeenten kinne net foarkomme dat minsken in (te) leech ynkommen ha, mar wy kinne wol in bydrage leverje om yn alle gefallen bern safolle mooglik meidwaan te litten. Sadwaande is dat it útgongspunt by it nije minimabelied fan Tytsjerksteradiel. Yn de kolleezje-ûnderhannelings hat de PvdA hurd ynsetten om it minimabelied gjin ûnderdiel wurde te litten fan de besunigings dy’t der (wer) oan sitte te kommen. Sadwaande kinne wy it romhertige belied dat wy al jierren ha net allinnich hâlde, mar no ek útwreidzje. Troch yngripen fan steatssiktaris Jetta Klijnsma krije gemeenten ekstra jild foar earmoedebestriding (de saneamde Klijnsma-middelen) en ek sy hat oproppen hjirfoar yn it bysûnder nei bern yn earmoede te sjen.

Natura
Tytsjerksteradiel stekt al jierren in protte eigen jild yn it al neamde brede minimabelied – ferline jier hast in miljoen euro -, dat in diel fan de Klijnsmajilden wurdt dêrfoar ynsetten. Dêrneist komt der in saneamd ‘Kindpakket’: fia de stifting Leergeld, it Jeugdcultuur- en it Jeugdsportfonds kinne âlders foar harren bern de kontribúsje regelje fan in sportclub of in toanielferiening. Gjin bydrage yn jild dus, mar yn natura: de aktiviteit wurdt betelle. Ek kin op dy wize diplomaswimmen betelle wurde of de eigen bydrage oan in skoalreiske of it ‘ferplichte’ oanskaffen fan in tablet foar it skoalwurk. Dizze trije organisaasjes wurkje gear en steane los fan de gemeente. Njonken gemeentlik jild krije sy ek út it bedriuwslibben jeften, wêrmei’t hiel folle bern holpen wurde kinne.

Fytsen
Wat oars is dat skoallen betiden sjogge dat bern winterdeis yn simmerklean op skoalle komme. Dêr wolle we mei in saneamd kleanvoucher wat oan dwaan. Alden yn de doelgroep kinne in weardebon fan Scapino krije, wêrmei’t by dy winkels in winterjas of winterskuon oanskaft wurde kin. As lêste is it oanskaffen fan in goeie fyts betiden in probleem. Yn in moaie gearwurking mei krisisopfang De Blijenhof en de kringloopwinkel Estafette yn Burgum knappe minsken fan De Blijenhof fytsen op dy’t de gemeente no en dan oprêdt omdat se bygelyks op it stasjon tiden steane. Dy kreaze opknapte fytsen kinne foar in lyts bedrachje oanskaft wurde.

Jongereinried
Der bliuwt foar my noch ien winsk oer no’t we nei myn betinken mei it opfolgjen fan de oanbefellings fan de Berneombudsman in breed minimabelied yn elkoar setten ha. Ja, fansels, it moaiste soe wêze dat dit belied net mear nedich wêze soe, mar ik bin bang dat dat yn alle gefallen foar in gemeente net realistysk is om nei te stribjen. Ik soe as wethâlder graach in soarte fan klankboerdgroep fan bern út de boppeneamde doelgroep ha wolle. Om no en dan meiïnoar te bepraten hoe’t it rint en wat der oan ûntbrekt. Lykas de nijsgjirrige en learsume petearen dy’t ik alle moannen mei de Kliïnteried fan Wurk & Bystân ha, soe ik dat ek mei dizze bern – yn in soarte fan Jongereinried ha wolle. De kommende tiid sille we besjen oft dit slagje kin en sa ja, hoe’t we dat it bêste oanpakke kinne. Suggestjes dêrfoar binne fansels altyd wolkom!

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra