Noflike en ynformative kofjemoarn PvdA-leden
Om inoar oer en wer better te begripen en yn ‘e kunde te kommen, wie der op sneon 10 novimber foar it earst in kofjemoarn foar wat âldere PvdA-leden yn Tytsjerksteradiel. Yn Skewiel Oentsjerk wie in klupke leden, rieds- en bestjoersleden ‘Op ‘e kofje mei…de wethâlder’. Bedoeling wie om de leden by te praten, te harkjen nei de saken dy’t har dwaande hâlde en benammen ek om te besjen oft der ferlet is fan soksoarte byienkomsten.
Hoewol’t it groepke leden net sa grut wie, fûnen de oanwêzigen sa’n gearkomste wol tige sinfol. Se binne bypraat oer de saken dy’t op it stuit yn de gemeente spylje, mar ha ek breedút gebrûk makke fan de mooglikheid om fragen te stellen. Sa wie ien fan de opmerkings dat net altyd goed dúdlik wurdt wat ús politisi, yn rieden, steaten en keamer, no krekt driuwt. Foar riedsleden en kolleezjelid is it hanneljen fanút ‘de sterkste skouders drage de swierste lesten’, ‘earlik diele’ en ‘opkomme foar de swakken en kwetsberen’ faaks hiel dúdlik, mar it kin gjin kwea om dat folle faker helder oer it fuotljocht te bringen. Goed foar de riedsfraksje om te hearren wat der libbet yn har achterban. Fan beide kanten waard de moarn op priis steld en sekretaris Sijbe de Jong koe fuortendaliks al melde dat in folgjende kofjemoarn op priemmen stiet. Op
Sneon 1 desimber 2012 10.00-12.00 oere “Op ‘e kofje mei….it Twadde Keamerlid Lutz Jacobi”
It plak fan de gearkomste wurdt noch bekend makke. Ek hearre we fansels altyd graach hoe’t leden yn kontakt komme en bliuwe wolle mei bestjoer en riedsfraksje. As der ideeën binne foar oare foarmen, meld it ús. En foar it oare: yn alle gefallen oant 1 desimber!