Door Houkje Rijpstra op 15 november 2011

Gearwurking mei Achtkarspelen: wêr is dat goed foar?

Sûnt 2009 binne Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen oan it sjen wêr’t wy as gemeenten yntensyf gearwurkje kinne. Dat we dêr nei sjogge, hat mei in tal ûntjouwings te meitsjen. Sa wurdt der yn hiel Fryslân sjoen nei de saneamde bestjoerskrêft: yn hoefiere kinne de besteande gemeenten har taken goed ferfulle. Hjirtroch is al de grutte gemeente Súdwest-Fryslân ûntstien en sil De Friese Meren folgje.

Achtkarspelen (28.000 ynwenners) en Tytsjerksteradiel (32.000 ynwenners) kinne har taken op dit stuit noch goed oan. Wol wurde guon funksjes binne it gemeentehûs kwetsber, omdat we der mar ien fan hawwe. Bygelyks in learplichtamtner of in asbestsaakkundige. Ek sil it lestiger wurde om goeie, jonge meiwurkers te ynteressearjen om by in gemeente fan dizze omfang te wurkjen. Boppedat komme der de kommende jierren in protte taken by foar de gemeente, tink oan: de jeugdsoarch, de nije wet Werken Naar Vermogen en de AWBZ. Om alles ek foar langere tiid goed oan te kinnen, dat wol sizze: ús boargers goed fan tsjinst te wêzen, moatte ek gemeenten fan ús grutte omsjen nei fersterking.

Wy wolle gearwurkje neffens de 4 k’s: kwaliteit, kosten, kwetsberens en klanttefredenheid. Dêr sille wy alle stappen oan hifkje. Op dit stuit wurdt op trije terreinen wurke om de tsjinsten yn elkoar te skowen. By de ûntwikkeling fan it saneamde Klant Kontakt Sintrum (KCC), de publyksbaly, by sportbehear en de ôfdielingen Sosjale Saken. Dizze trije ûnderdielen neame wy de ‘proeftuinfase’. Hjir sille we priuwe hoe’t it wurket, wat der goed rint en wat better kin.

Yngeande 1 jannewaris 2012 sille de trije boppeneamde ûnderdielen by elkoar setten wurde. As dat dan in skoftke wurket, sille kolleezjes en gemeenterieden besjen hoe’t de fierdere stappen set wurde kinne. Uteinlik soe it dan wat de beide kolleezjes oangiet, útkomme kinne op ien amtlik apparaat foar twa gemeentebestjoeren. Mar dan binne we al 2014-2015 is de ynskatting. Neidruklik wurdt der op dit stuit net sprutsen oer in bestjoerlike fúzje, in weryndieling. Dat is net nedich om it wurk út te fieren. Wy wolle in stevich amtlik apparaat hawwe, dat twa selsbewuste, sterke gemeentebestjoeren stipet.

 

Ik bin der wis fan dat beide gemeentes sterker wurde troch gearwurking en ús ynwenners kinne dêr profyt fan hawwe. Dy hâlde in goeie tsjinstferliening en kinne der wis fan wêze dat it wurk troch goeie minsken dien wurdt. Yn ‘e takomst kinne de ynwenners foar hieltyd mear saken by de gemeente te plak en dat moat goed regele wurde. Tegearre binne we de takomst treast.

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra