Evert Castelijn (1944-2017), in sosjaal-demokraat yn ieren en sinen
We wisten dat it dizze kear in net te winnen striid wie, mar it ferstjerren fan Evert Castelijn op 30 april 2017 kaam foar ús allegear dochs hurd oan. De PvdA Tytsjerksteradiel en Evert, dat wie ommers sa lang in net te skieden ienheid. Hoe siik Evert ek wie, hy besocht safolle mooglik by byienkomsten te wêzen, de polityk wie in belangryk stik fan syn libben.
Aimabel, wiis, belangstellend, neitinkend, beskôgjend, mar boppe al ynspirearjend; dat binne de termen dy’t fuort by my opkomme as ik oan Evert tink. Grut respekt ha ik foar de wize wêrop hy de jierrenlange tsjinslaggen mei syn sûnens temjitte gong. Net kleiend, mar wol akseptearjend en sjen wat der dan noch wól koe. En wat ha we faak tocht dat it no dochs echt mis gean soe…mar alle kearen kaam hy der, wol wer wat swakker, út en pakte hy it libben safolle mooglik wer op. “Dat gaat me deze keer niet lukken,” sa fertelde hy begjin dit jier.
‘Ik ben een Brabantse Fries,” sa typearde Evert himsels. Alhiel op syn plak yn Tytsjerksteradiel, dat no in tige Frysk imago hat, mar dat eins oan dy Brabânse Fries te tankjen hat. Yn 1988 gongen de weagen yn ús gemeente hiel heech, doe’t it beslút nommen waard om foar de plaknammen de Fryske foarm de offisjele te meitsjen. Tsjongejonge, wat moatte dy politisi fan doe in rjochte rêch hân ha, mei Evert as ferantwurdlik portefeuillehâlder foarop. Net omlizzen gean foar de stevige krityk fan de tsjinstanners, mar trochsette, omdat Evert en syn meistanners derfan oertsjûge wiene dat dit net allinnich goed wêze soe foar it selsbewustwêzen fan ús Friezen, mar ek de status fan ús eigen taal ferstevigje soe. It is raar as je de hiele provinsje trochride en gjin inkeld wurd yn de twadde lânstaal tsjinkomme. En hoefolle Friezen soene yn Wales de bysûndere plaknammebuorden yn it Welsh opsykje, foto’s meitsje en besykje it út te sprekken?
It ûnderwiis hat Evert altyd tige nei stien en ek dêr hat hy syn spoaren yn ús gemeente dúdlik neilitten. De Master Frankeskoalle fan Earnewâld, sa unyk yn syn soart as gearwurkingsskoalle yn Nederlân dat it in spesjaal plak yn de wet krige, hie der sûnder syn krewearjen net west. Alle bern nei ien skoalle, sadat de skoalle foar it doarp behâlden bliuwe koe, dat wie syn doel. Sjen litte dat it koe, mei yn acht nimmen fan prinsipes alle bern en harren âlders it gefoel jaan dat it hárren skoalle is. Spitich dat it net mear neifolging krigen hat, it hat foar Earnewâld tige de muoite wurdich west.
Bestjoerlike fernijing hie ek syn bysûnder omtinken. De (gemeentlike) oerheid soe mear yn ‘e mande mei de ynwenners dwaan moatte, minder sûnder oerlis eigen rjochting kieze, mar meiïnoar stappen sette. Al yn ‘e njoggentiger jierren warskôge Evert der yn ‘e ried foar dat boargers har hieltyd mear fan de polityk ôfkeare soene as oerheden harren net mear en better by it belied belûke soene.
We soene noch hiel folle mear oer de fertsjinsten fan Evert sizze kinne, mar sa’n bytsje elk fan ús koesteret de oantinken oan dizze bysûndere man. De goerie, moaie petearen, befleine mieningen en anekdotes sille ús altyd bybliuwe. We komme him noch slim te missen, mar benammen foar Els, harren bern en bernsbern is it in hiel dreech ferlies.
In markante sosjaal-demokraat, mei in waarm hert op it goeie plak, hat ús ferlitten; wy bliuwe him yn waarm oantinken hâlden.