Wurden by in nij (polityk) jier
No’t de sjampanjekoarken knald hawwe, it lûd fan it fjoerwurk dêlbêde is en it gewoane libben syn gong wer krijt, stiet ek de PvdA Tytsjerksteradiel wer foar in nij polityk jier. In jier wêryn in nij lânsbestjoer keazen wurde sil en we mei syn allen ôfwachtsje hoe grut de oankundige ierdferskowing wurde sil. Oan ‘e oare kant witte we ek hoe bot peilingen der neist sitte kinne… It kabinet Rutte II makket de rit ôf en dat is al in prestaasje op himsels, it is ommers yn gjin jierren mear foarkommen dat der gjin tuskentiids ôftreden ynklusyf ferkiezings nedich wiene.
As PvdA ha we it dreech de ôfrûne jierren, foar in belangryk diel it gefolch fan de – yn myn eagen noch hieltyd – moedige beslissing om de ferkiezingsútslach yn 2012 sa goed mooglik nei te kommen en mei de lestigste partner dy’t we betinke koene, in koalysje te foarmjen. En dat wylst elkenien wist dat der in tiid oankaam wêryn’t pynlike, mar al fierstente lang útstelde, keuzes needsaaklik wiene. De gefolgen fan dy ombûgings wiene/binne fielber en wurde foaral op ‘e rekken fan de PvdA skreaun. Sels tink ik dat pas achterôf dúdlik wurde sil wat de ynfloed fan de PvdA west hat om benammen te soargjen dat de sterkste skouders de swierste lesten tille soene. It feit dat ús Keamerfraksje der net yn slagge is om oer de fuotljochten te bringen hoe grut dy striid west hat en wêr’t de PvdA mei bliedend hert meigien moatst yn kompromissen, fyn ik de grutste teloarstelling fan dizze kabinetsperioade.
It hat der lokaal foar soarge dat wy as rieds- en steateleden, as wethâlders en deputearren hieltyd wer opbokse moasten tsjin in negative teneur, wylst wy fansels likegoed fanút ús sosjaal-demokratyske prinsipes hannele ha en noch hannelje op ús eigen nivo. De wize wêrop de ferantwurdlikens yn it sosjaal domein (soarch, jeugd en partisipaasje) oergien binne nei de gemeenten, is dêr in moai foarbyld fan. Lokaal binne der prachtige dingen ta stân kaam, mar it ferhaal giet allinnich mar oer de insidinten dy’t, oppikt troch de media, de toan yn Den Haag bepale. En der hieltyd wer foar soargje dat gemeenten it net sa goed mooglik foar harren eigen ynwenners regelje kinne, mar wer yn in nasjonaal korset jitten wurde, omdat we mei syn allen dochs wol hiel benaud binne foar ferskillen. Ja, dy ferskillen binne der, ha der ek altyd west tusken gemeenten, mar ‘Den Haag’, en dan ha ik it perfoarst net allinnich oer myn eigen partij!, kin mar hiel min loslitte…
Foar Tytsjerksteradiel stiet it der hielendal net sa min foar. Hoewol’t ek hjir de krekte sifers noch net bekend binne yn it sosjaal domein, rinne de saken oer it generaal bêst wol goed. De minsken dy’t (jeugd-)soarch nedich ha of om (frijwilligers-)wurk sykje, binne wol te sprekken, sa jouwe ûndersiken oan. Dit jier wurkje we der mei syn allen hurd oan om alles noch better yn kaart te krijen, want benammen (it berop op) de jeugdsoarch sitte noch bêst wol wat iepen eintsjes yn. En ek it oan wurk helpen fan minsken mei in beheining kin better.
Foar mysels wurdt it in jier wêryn’t ik as wethâlder in pear konkrete doelen steld ha. Ien fan de portefeuille-ûnderdielen dêr’t ik de ôfrûne 10 jier hieltyd mear entûsjasme foar krigen ha, duorsumens, moat opnij op ‘e rit setten wurde. Tytsjerksteradiel hat sûnt 2008 belied op dit mêd, mar de tiden feroarje hurd. Wie it doe noch echt in ‘geitewollesokken’-tema, it hâldt hjoed de dei elkenien dwaande. We moatte oer alle boegen nei in sirkulêre maatskippij, wêrby’t der net allinnich gjin ôffal mear is, mar ek gebouwen yn ûnderdielen opnij brûkber wêze moatte. En gjin gas mear yn nije gebouwen, want dy fossile brânstof is oer net al te lange tiid op, we moatte ús dêr op klear meitsje.
Ek wol ik hiel graach noch mear dwaan foar minsken dy’t har mar min rêde kinne yn ús hieltyd kompleksere maatskippij. Dat kin bygelyks troch noch better te sykjen wêr’t we helpe kinne om better lêzen en skriuwen te learen, mar ek om skulden yn in hiel ier stadium te sinjalearen en fuort yn te gripen. En dêrnei foarkomme dat minsken opnij mei it jild yn de problemen komme. Us doarpeteams sille in belangrike rol spylje yn dy ûntwikkelings, want sy steane ticht by ús ynwenners. Fansels, de meiwurkers yn de doarpeteams moatte noch better bekend wurde en elkenien moat witte wêr’t sinjalen oer minsken dêr’t it net goed mei giet, hinne moatte. Mar as dat ien kear goed rinnen giet, kinne we meiïnoar soargje dat minder minsken bûten de boat falle. En dat is wat my oangiet de belangrykste opdracht fan in politikus, it is yn alle gefallen wat my driuwt!
2017 is gemeentlik it lêste jier foar de ferkiezings yn maart 2018. Dat sil sûnder mis dit jier al syn skaad foarút smite. Listen moatte klear makke, programma’s skreaun, it is altyd in hiel wurk. Mar it wurkjen yn de lokale polityk is boppe alles tankber wurk, om’t je in protte foar minsken dwaan kinne. It measte spilet him ôf achter de skermen en dat moat ek moai sa bliuwe. Mar we kinne fansels altyd motivearre minsken brûke om mei te praten en te besluten oer belangrike saken dy’t yn ús eigen omjouwing spylje. Saken dêr’t minsken fuortendaliks mei te krijen hawwe, ek al realisearje in protte minsken har dat net sa. Wolle jo meidwaan of ris beprate wat it ynhâldt om polityk aktyf te wurden yn de eigen gemeente, ik bin altyd ree foar in petear. Mar foar no: elkenien in lokkich en sûn 2017 winske, wêryn’t it sûn ferstân foarop stean bliuwt.