Ferkiezingsprogram 2022

Bouwe oan ‘e takomst!

Ferkiezingsprogram PvdA Tytsjerksteradiel 2022-2026

 Ynlieding – Foar in solidêre mienskip

Foar jo leit it program fan de PvdA Tytsjerksteradiel mei ús plannen foar de kommende fjouwer jier.

De PvdA hat yn de ôfrûne perioade opposysje fierd op tema’s as bestjoerskultuer en transparânsje. Us omtinken gie foaral út nei it sosjaal domein, wentebou foar jongerein en lytse húshâldens. Ek yn de kommende perioade wolle wy hjirfoar stean en dêr ha wy jo stim foar nedich!

Alle ynwenners fan dizze gemeente mei harren ûnderlinge relaasjes hawwe ús omtinken . Elkenien telt mei, elkenien docht mei!

Polityk docht derta. Politike keuzes kinne it ferskil meitsje tusken kâld sanearen of ús ynset op kânsen foar elkenien. Yn dit program kinne jo lêze hoe’t wy dit foar inoar krije wolle. Foar ús plannen hawwe we wiidweidich petearen fierd mei ynwenners, saakkundigen en fertsjintwurdigers fan ferskate ferienings. De tema’s dy’t sy en dus ek wy belangryk fine, binne: wolwêzen en earmoedebelied, betelber wenjen, duorsumens en klimaatferoaring, ekonomy en arbeidsmerk, boargerinisjatyf en in gemeentebestjoer dat hjir aktyf yn meitinkt.

Dit alles freget in gemeente mei in sûne finansjele basis. Dizze basis wie der net yn de ôfrûne perioade troch tekoarten by de stipe foar minsken dy’t it (tydlik) net op eigen krêft roaie koene. Tink hjirby ûnder oare oan jeugdsoarch en earmoedebestriding. Ek it ûntbrekken fan kontrole op de gemeentlike sinteraasje hat hjiryn in grutte rol hân. Foar de kommende jierren liket de finansjele sitewaasje wat fleuriger. Dit jout de nedige kânsen foar in fatsoenlik sosjaal belied. Tagelyk sille we tige hoeden omgean moatte mei de beskikbere jildmiddels.

Gearwurking mei GrienLinks

De PvdA en GrienLinks yn Tytsjerksteradiel sille de besteande gearwurking fuortsterkje. We wolle oant de ferkiezings safolle mooglik meiïnoar oparbeidzje en sille inoar nei de ferkiezings net loslitte. We hoopje hjirmei tegearre de basis te lizzen foar in moaie, sterke en progressive beweging mei frisse ideeën. En we binne dêr no al, foar de ferkiezings, dúdlik oer.

Yn de riedsperioade 2022-2026 sil de gearwurking fierder stâl krije. Dat kin wêze troch meiïnoar fraksjegearkomsten te hâlden en in dield wurdfierderskip oer punten dêr’t beide partijen it folslein oer iens binne. Ek sil besjoen wurde oft beide partijen úteinlik ûnder ien namme wurkje kinne. In linkse gearwurking om de takomst te feroarjen. Wy binne der klear foar!

Ta einbeslút
In ferkiezingsprogram is altyd in momintopname. Der kinne him net foarsjoene ûntjouwings oppenearje. Dochs hoopje we dat ús plannen jo oansprekke. Plannen wêrby’t elkenien meitelt en nei fermogen meidwaan kin. Dêrom binne jo eigen ideeën by ús tige wolkom.

Jo kinne jo suggestjes trochjaan fia:

FB: facebook.com/pvdatytsjerksteradiel

Webside: https://tytsjerksteradiel.pvda.nl

Wy tidigje op jo stim op woansdei 16 maart 2022!

Ut namme fan it bestjoer fan de ôfdieling Tytsjerksteradiel fan de PvdA,

Klaas Hiemstra

 

 

 

ALGEMIEN

In tsjinstbere oerheid

De corona-pandemy hat foar in protte ûnwissens en lêst soarge. Mar úteinlik docht bliken dat de mienskip fearkrêftiger is as tocht. De PvdA fynt dat de oerheid in neidrukliker rol spylje moat yn de mienskip en net alles oan de merk of it yndividu oerlitte moat. Dúdlik is dat in goede en tsjinstbere oerheid mear as ea nedich is. Der is grut ferlet fan mear sekerheid. Oer sûnenssoarch, wissigens dat minsken dy’t help nedich ha dy ek krije, sekerheid oer wurk, ynkommen, ûnderwiis, oer wenjen en wolwêzen.

*          Ut de ynstek wei dat elkenien meidocht, wurdt de kommende perioade in lokale ynklúzjeaginda makke en útfierd. Net allinnich mei wurk, mar ek mei sport en ûntspanning. Gjin drompels foar minsken mei in beheining, likense kânsen foar bern út earme húshâldens, begryplike oerheidskommunikaasje en maksimale boargerpartisipaasje út alle lagen fan de mienskip wei.

*          Mei de ynfiering fan de Omjouwingswet wurdt partisipaasje fan en oerlis mei belutsenen noch folle mear de noarm: de mienskip wurdt mear belutsen by de ûntjouwings yn har omjouwing/doarp. Wy trune derop oan dat boargerinisjativen sa goed mooglik stipe en oanmoedige wurde.

*          Tytsjerksteradiel wie yn 2019 de ‘MKB-freonlikste gemeente’. De PvdA wol dat ús gemeente fan 2023 ôf ek de meast tsjinstbere gemeente wurdt. Net allinnich mei wurden, mar ek field troch de ynwenners.

*          Wy ûndersykje dêrom oft yn Multifunksjonele Sintra of doarpshuzen in stipepunt fan de ôfdieling boargersaken komme kin.

 

Bestjoer

Yn de ôfrûne fjouwer jier siet de PvdA foar it earst yn de opposysje. Fan dualisme fernimme we net folle. We ha hjirfan leard dat it belangryk is dat de ried it troch it kolleezje fan B & W útfierde belied yngreven kontrolearje kin.

*          We wolle yn ‘e mande mei de ried komme ta in statút wêryn ’t ried en kolleezje fêstlizze hoe’t der gearwurke wurdt en hoe’t bestjoerders ferantwurding ôflizze.

*          Nei de ferkiezings wurdt in iepenbier debat hâlden oer de ferkiezingsútslach, wêrnei’t troch de ried in ferkenner/ynformateur, mei op syn minst 2/3 stipe yn de ried, oanwiisd wurdt. De tradysje dat de grutste partij dizze oanwiisd, wurdt loslitten.  

*          Foar de perioade 2022-2026 meitsje we gjin kolleezjeprogram, mar in breed droegen riedsprogram. Dan kin it kolleezje yn in útfieringsplan oanjaan hoe’t se dit program útfiere sil.

*          It kolleezje stribbet foar elts riedsfoarstel nei in sa grut mooglike mearderheid.

*          De gearwurking mei de gemeente Achtkarspelen yn ‘e foarm fan de wurkmaatskippij 8KTD is yn 2021 troch Bureau Berenschot evaluearre en liket net bot suksesfol. Net foar de ynwenners, net foar de meiwurkers en ek foar de ried is it net transparant en net demokratysk. Yn de kommende riedsperioade wurdt dêrom serieus ûndersocht hoe’t dizze gearwurking trochgroeie kin nei in bestjoerlike fúzje. Dêrby wurde de ynwenners fan ús gemeente aktyf belutsen.Wichtich is fierder hoe’t de ôfstân tusken boarger en bestjoer sa lyts mooglik makke wurde kin.

 

BOUWE OAN IN KANSRIKE TAKOMST

Soarch en wolwêzen (sosjale basis)

Beskerming, jinsels rêde, partisipaasje (allegear meidwaan kinne), soarch foar en mei inoar binne de kaaiwurden as it om wolwêzen giet. Wolfeart is noch gjin wolwêzen. Dy ynspanning leverje we troch betiid problemen fan boargers en mienskip te sjen, te beneamen en der wat oan te dwaan. Troch gearwurking tusken ynwenners, ús gemeente en ferskate ynstânsjes lykas Kearn, doarpsstipers, soarchfersekerders, nutsbedriuwen en wenningkorporaasjes wolle we in sterke ferbettering op dit punt foar inoar krije. We tinke oan maatregels lykas it tsjingean fan iensumens, fan skoalútfal, it oanmoedigjen fan in sûn libben en it oanpakken fan it fertutearzjen fan wenwiken.

Goede soarch moat berikber wêze foar alle ynwenners. It oanfreegjen fan help moat sa maklik mooglik wêze. Us útgongspunt is dat soarch oer minsken giet en net oer systemen, protokollen en it byhâlden fan de wurktiid oant de minút. De sizzenskip leit by de kliïnt, hy/sy wurdt stipe troch profesjonals. Net it beskikbere budzjet is liedend, mar de soarch dy’t nedich is.

Tagelyk moat soarch ek betelber bliuwe. Benammen de spesjalisearre soarch wurdt hieltyd djoerder, wat betsjut dat we sykje moatte nei help yntiids, sadat djoere spesjalistyske soarch minder nedich is.

*          De PvdA akseptearret gjin besunings yn it sosjaal domein/de sosjale basis.

*          Om beheinde, persoanlike en langduorjende soarch ek yn ‘e takomst betelber en tagonklik te hâlden, sil der mear jild moatte nei soarchtaken en minder nei administrative kontroletwang.

*          We ûntwikkelje selsorganisaasje fan doarps- en buertgenoaten, famylje of freonen. Troch harren te stypjen en te fassilitearjen kinne nije lyttskalige foarmen fan soarch en wenjen opkomme en sil der minder iensumens wêze.

*          We stypje it fuortsterkjen fan sosjale netwurken yn de doarpen en it stâl krijen fan sosjale moetingsromtes.

*          We wolle in trochgeande hegere ynset op previnsje.

 

Jongerein(soarch)

We fine it tige belangryk bern en jongerein kânsen te bieden om harren talinten te ûntjaan.
Dêrom sette we yn op goeie opfang, treflik ûnderwiis, foldwaande sportfoarsjennings, goeie soarch foar bern en op in libben dat net behearske wurdt troch (jild) soargen. De PvdA fynt dat it bern, de húshâlding en de persoanlike omjouwing útgongspunt fan jeugdsoarch wêze moat. De âlden hawwe dêr leafst de rezjy yn, hielendal as der ferskate foarmen fan help by in bern en/of húshâlding nedich binne. Mar dêr’t it net goed giet, moat der in goed wurkjend sosjaal team klear stean om stipe te bieden.

*          We begjinne mei in pop-up jongereinpanel, sadat jonge minsken op in foar harren oansprekkende wize yn petear kinne mei de gemeente oer ûnderwerpen dy’t harren fuort reitsje (lykas sport, ûnderwiis, frije tiid en sûnens).

*          Jongerein hat in plak nedich om by inoar te kommen en te wurkjen oan harren takomst. We stimulearje inisjativen lykas Het Stationnetje yn Hurdegaryp.

*          We stelle yn ‘e mande mei de jongerein in nij ketenbelied op.

*          We dogge mei oan de ‘Gelijke-Kansen-Alliantie’ en wurkje sa oan likense kânsen yn it ûnderwiis, mei omtinken foar thús, skoalle en omjouwing.

 

Earmoede en skuldtsjinstferliening

Earmoede soarget foar sosjaal en maatskiplik isolemint. It omheech gean fan de kosten fan wenjen, enerzjy en soarch smyt folle mear oanfragen foar skuldhelpferliening op. Dat lanlik ien op de njoggen bern grut wurdt yn earmoede is de PvdA in griis. Dêrom steane wy foar in wurkjende oanpak fan earmoede. In goede skuldtsjinstferliening is dêrby in belangryk ynstrumint.

*          De PvdA akseptearret gjin besunigings op it earmoedebelied.

*          We sette maksimaal yn op betide sinjalearring en it foarkommen fan swierrichheden.

*          We hâlde yn it each dat jild fan it Ryk bedoeld foar enerzjyearmoede ek echt by dizze doelgroep telâne komt.

*          We ûndersykje de kânsen foar in Gemeentepas mei fergees tagong ta gemeentlike regelingen en foarsjennings.

*          Us gemeente docht mei oan de ‘Meedoen-pas’ fan Arriva.

 

Mienskip

Yn Tytsjerksteradiel stribje we nei libbene, leefbere doarpen mei genôch foarsjennings. De leefberens en sosjale ferbannen moatte fuortsterke wurde. It ferieningslibben stiet faai troch te min frijwilligers. It wurdt hieltyd dreger om minsken te finen dy’t har ynsette wolle. We sykje nei in wize om de ynset fan frijwilligers te stypjen en oan te trunen.

*          Alle doarpen krije jierliks in ekstra ‘doarpsbudzjet’ fan €1500 om sels saken foarinoar te krijen sûnder ferantwurdingsburokrasy.

*          Der komt in ekstra doarpekoördinator, dy’t oansprekpunt foar de doarpen is en stipet by inisjativen.

*          We toane de wurdearring foar frijwilligers wer troch in frijwilligersdei te organisearjen.

 

Sport en frije tiid

Sport en spul binne belangryk foar ús mienskip. Se jouwe ûntspanning, binne goed foar liif en lea en foarmje in part fan immens netwurk, befoarderje yntegraasje en sosjale gearhing. Sportfierings hawwe hjir in krusiale rol yn. Om de ferienings ek yn ‘e takomst libben te hâlden, is it fan belang dat se stipe krije om frijwilligers te binen. Ek hjir wolle we safolle mooglik oan de ferienings en frijwilligers oerlitte, de gemeente is der om te helpen dêr’t dat nedich is.

*          We sykje nei mooglikheden om ferienings te stypjen, bygelyks fanút Kearn.

*          De partisipaasjewet jout ynwenners mei in minimumynkommen in maksimale fergoeding om te sporten fan 102 euro yn it jier. De PvdA siket nei budzjet om dizze bydrage te ferheegjen.

 

Underwiis

Underwiis is dé poarte nei in bettere takomst foar ús bern. Alle skoallen binne iepenbier tagonklik foar bern en meiwurkers. Dêrom is goed ûnderwiis foar de PvdA fan it allergrutste belang. De ynfolling fan dat ûnderwiis is oan de skoallen en it Ryk, mar foar de rânebetingsten is lokaal belied wichtich. Basisskoallen hawwe in buertfunksje. Dêrom binne we wiis mei gearwurkingsskoallen: better ien goede skoalle yn in doarp dan hielendal gjin skoalle.

*          We pleitsje foar gastlessen polityk op basis- en fuortset ûnderwiis om bern en jongerein earder bewust te meitsjen fan de wearde fan demokrasy en aktyf boargerskip yn ús mienskip.

*          In ambassadeur ‘wurk’ sil ynsetten wurde om de oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk te ferbetterjen en staazje- en wurkplakken te finen.

 

Keunst en kultuer

Foar de PvdA binne keunst en kultuer fan grutte artistike en sosjale wearde. Sûnder keunst en kultuer binne doarpen allinnich noch wenplakken en gjin plakken dêr’t wat te belibjen is. Wy fine it belangryk dat safolle mooglik ynwenners meidwaan kinne oan en priuwe fan kultuer, ûnôfhinklik fan harren ynkommen.

De bibleteken driigje te ferdwinen út de doarpen. De bibleteekfunksje kin behâlden bliuwe troch it kombinearjen fan saken lykas in doarpshûs, in legere skoalle of in MFC. Foarbylden hjirfan binne der al yn Gytsjerk en Hurdegaryp. De PvdA fynt dat yn doarpshuzen en MFC’s mear funksjes taheakke wurde kinne, lykas in gemeentlik servicepunt.

*          We binne grutsk op de pleatslike ferienings en inisjativen, (amateur)keunst wurdt troch ús stipe en gemeentlike subsydzjes moatte de kommende jierren op syn minst meigroeie mei de ynflaasje.

*          De gemeente stipet aktyf jong talint en amateurkeunst, bygelyks troch in stipepunt foar it oanfreegjen fan eksterne fûnsen en subsydzjes.

 

 

BOUWE OAN IN GOED WENKLIMAAT!

De nasjonale wentekrisis is ek te fernimmen yn Tytsjerksteradiel. Wenje is in basisrjocht. Huzen binne der om yn te wenjen, net om mei te spekulearjen. We sprekke leaver fan folkshúsfesting dan oer de ‘wenningmerk’.

*          Der komt romte om te bouwen yn alle doarpen, nei aard en skaal, wêrby’t ynbreidzjen foar útwreidzjen giet. We steane foar libbene doarpen en sterke kearnen.

*          As we bouwe dogge we dat as it heal kin sirkulêr en duorsum.

*          We bouwe betelbere wenten, mei diversiteit as belangryk útgongspunt. De Pvda hat ekstra omtinken foar bysûndere doelgroepen: jongerein/starters, âlderein en lytse húshâldens.

*          We bouwe yn de kommende riedsperioade 100 ekstra sosjale hierwenten. Dêrmei komme der ek huzen foar statushâlders, sûnder dat it giet om ferdringing.

*          We geane fertutearzjen fan besteande sosjale wentebou troch wenningkorporaasjes tsjin, dêr wêr’t sinjalen komme oer it achterbliuwen fan needsaaklike renovaasje.

*          De gemeente spilet in aktive rol by it ta stân kommen fan prestaasje-oerienkomsten mei wenningkorporaasjes.

*          De mienskip bepaalt wat der boud wurdt, net de projektûntwikkelders. De gemeente hat dêryn in belangrike rezjyrol en is in kwalitatyf lykweardige peteargenoat foar projektûntwikkelders.

*          Bouprojekten foldogge tenei oan in basisramt dat de gemeenteried oanjout, lykas wenferplichting, diversiteit en betelberens.

*          De PvdA wol dat lyksa foar nije as foar besteande wenten in selswenferplichting ynfierd wurdt.

*          We bliuwe foarstanner fan in sirkulêr en duorsum ûntwikkele wenwyk De Warren.

*          Yn de kommende perioade wolle wy in ûndersyk nei wenteboulokaasjes fan in substansjele omfang.

*          Dêrnjonken wolle we dat der in romtlike fyzje opsteld wurdt oer hokfoar wenten we wêr, foar wa en yn hokfoar tichtens bouwe sille.

*          We folgje skerp de diskusje oer de Lelyline en de kânsen dy’t dat jout foar Tytsjerksteradiel.

 

 

BOUWE OAN WURK en YNKOMMEN!

Wurk is net allinnich in basis foar ynkommen, mar ek belangryk foar selsûntjouwing en selsrespekt. Dêrnjonken is wurk in oanjager foar yntegraasje en partisipaasje. Der moat romte wêze foar bedriuwen om harren te fêstigjen om dêrmei de lokale wurkgelegenheid aktyf te stimulearjen. Yn in goed ûndernimmersklimaat is genôch omtinken foar ZZP’ers, mar ek foar it MKB.

*          We fiere de basisbaan yn om sa wurk te bieden foar minsken foar wa’t in betelle baan net helber is. Sa wurde ferskate putsjes yn wiken en/of doarpen oppakt, dy’t oars net útfierd wurde soene. Putsjes dy’t oandroegen binne troch bewenners, organisaasjes en bedriuwen.

*          Yn twa jier hat de gemeente yn de eigen organisaasje de tsien noch yn te foljen wurkplakken foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk ek echt realisearre.

*          Foar wa’t it minder troffen hat of troch tsjinslach yn ‘e jildpine komt, soargje we foar in goed sosjaal fangnet. Sa biede we wissigens oan alle ynwenners.

*          It wurdt hieltyd dreger om goeie fakminsken te finen yn it MKB. De earder neamde ambassadeur ‘wurk’ set dêrom yn op in bettere oansluting tusken ûnderwiis en arbeidsmerk en op mear staazje- en learwurkplakken.

*          De bedriuwslokaasje Quatrebras wurdt yn de kommende perioade reemakke. It giet ús dêrby om in goede ynpassing yn it lânskip likegoed as it meitsjen fan nij wurk.

*          Yn alle doarpen sykje we nei lytsskalige bedriuwslokaasjes foar starters en trochstarters.

*          Foar sawol winkellju as publyk sette we yn op it ferbetterjen fan de ferbliuwskwaliteit fan winkelgebieten. We binne foar ynnovative foarsjennings lykas fluchlaadstasjons foar elektryske auto’s dy’t it winkelgebiet ekstra oantreklik meitsje kinne.

 

 

BOUWE OAN IN DUORSAME LEEFOMJOUWING!

 

Enerzjy

De ûntjouwing fan ús klimaat mar ek de ierdbevingsskea yn Grinslân freegje om drastyske besluten yn ús enerzjyfoarsjenning. De kommende perioade sil yn it teken stean fan konkrete stappen yn de enerzjytransysje. Nederlân sil fan it gas ôf en de winning yn Grinslân hâldt op.

*          Ek yn Tytsjerksteradiel hâldt de gaswinning sa gau as mooglik op.

*          Njonken folslein elektrysk wurde ek oare waarmteboarnen lykas wetterstof en geotermy as alternatyf ûndersocht.

*          De oergong nei in alternative waarmteboarne moat ek foar minsken mei in lytse beurs te beteljen wêze.

*          Us útgongspunt is dat ferduorsumjen fan hierwenten in legere hierlêst foar de bewenners opsmyt.

*          We bouwe safolle mooglik sirkulêr en meitsje meters rjochting enerzjyneutraal troch ‘nul op ‘e meter’ as útgongspunt oan te hâlden. Te begjinnen by (fer)nijbou fan sosjale wentebouprojekten.

*          We bliuwe foarstanner fan it sluten fan de enerzjysintrale fan Burgum, mar we folgje de trends en ûntjouwings op it mêd fan alternative enerzjyboarnen. We bliuwe foarstanner fan in rekreaasjefoarsjenning oan ‘e Burgumermar op dat plak.

*          De gemeente trunet ynwenners oan om besteande wenten te ferduorsumjen: hûseigners kinne fergees in scan krije fan de enerzjyprestaasje fan harren wenning. Dit is in leechdrompelige wize om alle ynwenners sjen te litten wat de ferduorsumingskânsen en enerzjybesparjende mooglikheden binne.

*          We stypje de enerzjykoöperaasjes yn ús gemeente aktyf.

*          We wolle de oanskaf en pleatsing fan lytse wynmûnen, dy’t passe yn it lânskip, fuortsterkje.

 

(Natuerlike) leefomjouwing

We binne wiis mei ús weardefolle lânskip en de natuer. We soargje foar goed ûnderhâlden iepenbiere romte en wolle gjin ‘ferstiening’. Ferkearsfeiligens bliuwt in wichtich tema.

 

*          De aksje Steenbreek, wêrby’t in tegel plak makket foar in beam of in strúk, wurdt yntinsivearre. Hjirby is ek omtinken foar ferhurding dy’t wetter trochlit.

*          We sette yn op in gaadlike ynrjochting en in goed behear fan de iepenbiere romte. We binne foar fergriening om de biodiversiteit te beskermjen en leafst te fergrutsjen.

*          Yn ús stribjen nei in duorsume mienskip heart ek dat wat we no noch ôffal neame, safolle mooglik werbrûkt wurdt. We ûnderskriuwe fan herte de VANG (Van Afval Naar Grondstof) doelstellings.

*          We bliuwe ús boargers oantrunen om te keapjen mei sa min mooglik ferpakkings. We skiede as it kin oan de boarne.

*          We sille yn 2022 sykje nei in model wêrby’t mei de opbringst fan âld papier en karton mear ferienings stipe wurde kinne. Dit sil de sosjale gearhing yn de doarpen fuortsterkje.

*          Yn it ferkear wolle we in mear lykweardige behanneling fan de ferskate ferkearsdielnimmers, de dominatie posysje fan de automobilist moat oars. By de PvdA is ekstra omtinken foar  kwetsbere dielnimmers oan it ferkear, benammen fytsers en kuierders.

*          We stypje inisjativen dy’t bydrage oan duorsum wen-wurkferkear lykas it fytssnelwegeprojekt.