Door Houkje Rijpstra op 3 juli 2013

Treurich…

De lêste riedsgearkomste fan it politike jier 2012-2013 op 27 juny wie in bysûndere. En net iens omdat nei in twa oeren lange diskusje úteinlik grien ljocht kaam foar it projekt Vijversburg, mar benammen fanwege it ynsetten fan 2 ynstruminten dy’t yn de ried fan Tytsjerksteradiel frijwol nea foarkomme.

As earste de ynterpellaasje, in ynstrumint dat de ried brûke kin om ûnderwerpen op de aginda te krijen, sadat fragen dêroer steld wurde kinne. Dat it hjir gong om in ûnderwerp dat eins alle riedsgearkomsten op ‘e wurklist stiet, nammentlik sosjale wurkfoarsjenning Caparis, wie al apart, want dêroer kinne en wurde dus in protte fragen steld. En dy wurde, alle riedsgearkomsten wer, sa goed mooglik beantwurde. Mar de ried stie it VVD en GrienLinks ta om hjir in ynterpellaasje oer te hâlden, om’t in fraach om ekstra ynformaasje eins nea wegere wurde kin.

Undersyk

De fragen wiene hast allegearre earder al beantwurde en binne foar in diel ek opnommen yn it twadde ûndersyk dat nei it opstappen fan de direkteur fan Caparis troch buro BING dien wurdt nei alle geruchten dy’t der rûnsjonge. Dochs joech it kolleezje – sa’t it heart – op ‘e nij wiidweidich antwurd.

It wie net genôch, fûnen beide yntsjinjende partijen, en de moasje fan treurnis, dy’t al klear lei, waard yntsjinne. Ek doe’t it kolleezje oanjoech dat dizze moasje net allinnich rjochte wêze koe oan de beide portefeuillehâlders dy’t bestjoerlik by Caparis belutsen binne, mar oan it hiele kolleezje. In moasje fan treurnis komt hast net foar yn de bestjoerlike ferhâldings fan ús gemeente, de lêste wie sa’n 8 jier lyn. Dat it beide kearen plakfynt yn ‘e oanrin nei ferkiezings, sil wol net tafallich wêze.

Geruchten kontra feiten

Wat waard it kolleezje no eins ferwiten? Ut de taljochting fan VVD en GrienLinks kaam nei foaren dat it ferwyt wie dat Ried fan Kommissarissen en Oandielhâlders pas echt aksje ûndernommen ha doe’t der feiten op tafel leine. Dat der net yngrepen is op basis fan geruchten en emoasjes, want dat wie alles wat der oan’t begjin dit jier op tafel lei. Op it momint dat der bewizen leine, is hurd yngrepen, mar neffens beide yntsjinners hie dat earder moatten. Je hoege gjin jurist te wêzen om te witten wat der yn sa’n gefal bard wie: in rjochtsaak mei as gefolch nei alle gedachten in (dikke) skeafergoeding. Ik tink dat de ried ús yn dát gefal hurd oanpakke moatten hie.

De oare partijen yn de ried sprutsen har betrouwen út yn it kolleezje en de moasje helle it net. Mar de kater bliuwt: as der no ien saak is dêr’t wy ús as wethâlders mei hert en siel foar ynsette, is dat Caparis wol. In bedriuw mei sa’n 2400 wurknimmers, foar it grutste part minsken dy’t kwetsber binne, mar ek in bedriuw dêr’t it mar net rêstich wurde wol.

Stimmingmakkerij

Fansels bliuwe we altyd kritysk op wat der yn en om it bedriuw hinne bart, mar it measte hat te meitsjen mei feroare ryksbelied. Minsken dy’t kwea wolle, lykas de eardere direkteur, kinne je net foar en moatte hurd oanpakt wurde. It helpt dêrby net dat yn ‘e media oantoanbere ûnwierheden oer dizze kwestje nei foaren brocht wurde, sa’t Sipke van der Meulen oantoane koe nei oanlieding fan it ynterview mei VVD-fraksjefoarsitter Efdé. Sy sei dat de eardere direkteur mei in regeling fuortgongen wie, wêrby’t neat mear op him ferhelle wurde koe. Net wier en neat mear as minder dan stimmingmakkerij. Wol ten koste fan it imago fan it bedriuw, mar dêr hat spitigernôch net elkenien likefolle mei op. Alles meiinoar in wat treurich skouspul, dizze seizoensôfsluter.

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra