Door Houkje Rijpstra op 11 februari 2007

Duorsum fierder!

Sûnt de yndrukwekkende dokumintêre ‘An inconvenient truth’ fan Al Gore kin hielendal net ien der mear om hinne: we moatte ús wize fan libjen feroarje, oars komt it mei ús ierde op ‘e kop ferkeard. Oerheden woenen de eagen noch wolris slute foar wat op ús ôf komt, mar dy tiid hat west. We moatte no oars, al is it allinnich mar om’t we dat ferplichte binne oan ús neiteam.Yn april, by de gearstalling fan it nije kolleezje(program) krige ik de temaportefeuille “Duorsumens” oan myn pakket taheakke. In tige breed ferhaal, dêr’t je alle kanten mei út kinne. Ik siet fansels ynearsten oan natuer en miljeu te tinken, mar it spilet ek by romtlike oardering,
folkshúsfesting, jongerein en gean sa mar troch. Yn ‘e ried waard sels even oppenearre dat ek ús minimabelied hjirûnder beflapt wurde koe: in duorsume oerheid hâldt de útkearings op in goed nivo. Dat fyn ik in betingst foar in betroubere oerheid, dat is net ûnder ien nûmer te bringen mei de oare aspekten.

Sûnt in pear moanne bin ik mei de koördinator enerzjysaken dwaande om de útgongspunten foar it tema duorsumens hannen en fuotten te jaan. Dat moat yntegraal, it spilet ommers op ferskillende beliedsterreinen en dêrom moat goed ynventarisearre wurde wat der op dit stuit al oan dien wurdt. We begjinne beslist net op nul, lit dat dúdlik wêze.
Der rydt al in jiskewein op Puer Plantaardige Oalje (PPO) en we besjogge oft alle gemeentlike auto’s hjir op oer gean kinne. By wenningbou wurdt hieltyd faker sjoen hokfoar enerzjymaatregels nommen wurde kinne.
Bygelyks yn Jistrum dêr’t in reinwetterûntkeppelingssysteem komt yn in nijbouwyk en It Súd II yn Hurdegaryp dêr’t we neitinke oer ferwaarming mei biogas. Fierder steane op gemeentlike gebouwen sinnekollektoaren en dat oantal wolle we graach noch wat útwreidzje.

Mar it is noch net genôch.

Yn de nota “Duorsumens” moatte benammen boargers útdage en stimulearre wurde om nei te tinken oer duorsum omgean mei enerzjy, bougrûn ensafuorthinne. De ûnderfining is dat soks allinnich slagget as sichtber makke wurde kin wat it opsmyt.

Enerzjymaatregels binne ynearsten in ynvestearing, mar fertsjinje harsels meastal frij flot werom. Mar subsydzjemooglikheden soenen in ekstra prikkel wêze kinne om maatregels te nimmen. Ik ferwachtsje wat dat oangiet in hiele protte fan it nije kabinet dat duorsumens hege prioriteit jout.
Ek de provinsje is drok dwaande mei dit tema en hat ek in protte jild beskikber steld. Dêr kinne we it nei myn betinken net by litte. Wy moatte ek ús stientsje bydrage. As foar de simmerfakânsje de nota Duorsumens klear is, sille we sjen hoe’t dit foarnimmen syn gerak krije moat.

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra