Door Houkje Rijpstra op 22 maart 2014

Deiboek fan in listlûker (slot): Tankewol!

Net earder ha ik sa’n spannende ferkiezingsstriid meimakke as de gemeenteriedsferkiezings fan 2014. En dat hearde ik fan mear minsken. Belangriker as ea fanwege alle nije taken dy’t de gemeente der takom’jier by krijt, mar neffens de berjochten minder nijsgjirrich by de kiezers as ea.
En dêr noch ekstra oerhinne foar ús de wol hiel negative byldfoarming oer de (lanlike) PvdA… De moed soe je derfan yn ‘e skuon sakje en dat hat it no en dan ek wol dien. Hieltyd mar wer opbokse tsjin de wjerstân rjochting it kabinetsbelied, mei lanlike kopstikken dy’t har om ús wol wat mear op ‘e eftergrûn hâlde mochten. Lokkigernôch die op 19 maart bliken dat der dochs mear minsken nei de stimbus kamen as ferwachte waard. Yn Tytsjerksteradiel in kreaze 58% en hoewol’t der dan noch fierstentefolle minsken thús bliuwe, kinne we dêr net ûntefreden mei wêze. En it resultaat foar ús koe ek folle minder. Mei rom 2550 stimmen hellen we sels noch 1.2% mear as yn  2010, der binne net folle ôfdielings dy’t ús dat neisizze kinne.

It slachfjild yn de rest fan it lân soarget foar in dûbel gefoel. Al dy pasjonearde sosjaal-demokratyske riedsleden en wethâlders dy’t har bot ynsetten ha foar benammen de meast kwetsberen yn ús mienskip wurde sûnder pardon nei hûs stjoerd. En dat om’t de pynlike,  mar needsaaklike besunigings fan it VVD-PvdA kabinet de minsken nei partijen dreaunen dy’t ofwol oeral tsjin binne of fan de sydline ôf maklik praten ha. Ik ha it betiden ek dreech mei de yngrepen, mar bin der noch hieltyd grutsk op dat myn partij ferantwurdlikens naam hat doe’t it hiel dreech wie en mei de herfoarmings ynsetten hat dy’t al folle earder moatten hiene.

brandweer auto Lykwols, fansels hat de kiezer gelyk. De les foar ús partij moat wêze dat folle sichtberder wurde moat wat de lestige punten foar ús binne. Net foar neat is ús partijlieder yn ‘e Twadde Keamer bleaun: hy moat knokke foar de PvdA-punten en de grinzen opsykje. En as der dan dochs meistimd wurde moat, útlizze wêrom en sjen litte wêr’t de PvdA it ferskil makke hat. Populêr sil besunigjen noait wurde, mar as it begrepen wurdt, helpt wol.

Yn TytsjerksteraPlakgroep PvdA Tytsjerksteradiel actiefdiel hat de kiezer ús ynset wurdearre en dêr binne we bliid mei. Foar ús jout it ek oan dat de net altyd spektakulêre mar wol stabile gemeentelike polityk rekkenje mei op in breed draachflak. Wy geane der wer fjouwer jier foar, yn it belang fan de ynwenners fan Tytsjerksteradiel. En jo meie ús dêr altyd op oansprekke, ideeën oanleverje of jo miening jaan. Graach sels!

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra