Door Houkje Rijpstra op 10 januari 2014

2014: It jier fan ‘e wierheid!

By it begjin fan in nij jier passe fansels alderearst de alderbêste winsken: lok, seine en sûnens! It kommend jier wurdt spannend foar ús as PvdA Tytsjerksteradiel. Op 19 maart meie we wer nei de stimbus om in nije gemeenteried te kiezen. De útslach dêrfan makket foar de kommende 4 jier út hoe sterk it PvdA-lûd yn de ried fan Tytsjerksteradiel klinke kin. Lykas bekend einigen de ferkiezings fan 2010 yn in pynlik ferlies fan 3 sitten foar ús partij. Foar in grut diel hie dat te meitsjen mei de lanlike ûntjouwings – ús partij hie it dreech yn Den Haag – mar ek ús stânpunt oer de Sintrale As waard net goed begrepen. En as oaren dan suggerearje dy dyk noch tsjinhâlde te kinnen, wylst alles al yn kalk en semint is….ja, dan wurdt it lestich. Nettsjinsteande in prima funksjonearjende fraksje en wethâlder koe dat it minne tij net keare.

Wy – en jo – krije no wer in nije kâns. De ôfrûne perioade ha we sjen litten dat it ús mienens is mei it noed stean foar minsken yn ‘e knipe. De swiere besunigings binne oan it earmoedebelied foarby gongen, de Voedselbank – hoe freeslik ek dat soks bestean moat yn in lân mei safolle rykdom – koe op ús stipe rekkenje, der binne nije kânsen kommen foar bern yn earmoed. Mar ek inisjativen út de doarpsmienskippen drage wy in waarm hert ta: Aldtsjerk dat sels it iepenbier grien yn it doarp ûnderhâlde wol, Eastermar dat plannen makke foar doarpsplein It Breed en draachflak dêrfoar socht, Tytsjerk dat de troch har winske wenten sels realisearje kin…. Folle net genôch yn ‘e libbene doarpsmienskippen fan ús gemeente, dêr’t wy grutsk op binne. En wy stiene en steane dêrfoar.

It is belangryk om hieltyd wer sjen te litten wêr’t de PvdA it ferskil makke hat en makket. Dêrom wolle wy dat lûd ek safolle mooglik klinke litte de kommende moannen. We kinne dêrby altyd help brûke. Dus as jo it aardich fine om ris mei de strjitte op, te folderjen en mei nei in talkshow of posters plakke wolle; alle help is fan herte wolkom.

Fansels sjogge we ús leden ek hiel graach by de aktiviteiten dy’t wy organisearje. Te begjinnen op 18 jannewaris, as Twadde Keamerlid John Kerstens by ús (yn Noardburgum) komt om fan gedachten te wikseljen oer de sosjale wurkfoarsjenning (Caparis) of op 8 maart as ús Fryske Keamerlid Lutz Jacobi al jo fragen beantwurdzje wol. Kom manmachtich en as ferfier in probleem is, kinne wy dat ek foar jo regelje. We hawwe jo stipe hurd nedich, yn it stimhokje, mar leafst ek dêrbûten. Foar in moai, read en sosjaal resultaat op 19 maart!

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra

Houkje Rijpstra wie fan april 2006 tot 1 septimber 2017 PvdA-wethâlder by de gemeente Tytsjerksteradiel. Derneist wie se de twadde loko-boargemaster. Yn har portefúlje hie se û.o. Kultuer, Duorsumens en Frysk. Per 1 september 2017 is Houkje Rijpstra benoemd tot algemeen directeur van de Vereniging Circulair Fryslân.

Meer over Houkje Rijpstra